Masinebou
Eltsenien dy't in masine nedich hat, kin oanklopje by Klaas Zijlstra Metaalbewurking. Wy sette de winsken fan de klant oer yn adekwate oplossings. Wy bouwe produksjemasines foar ûnder oaren yndustryen op it gebiet fan iten, papier en kakao. De levering fan in masine kin as totaalkonsept én yn ûnderdielen. Nei jo akkoart soargje wy foar ûntwerp, fabrikaazje en montaazje. Us linen binne koart, sadwaande witte jo gau wêr't jo oan ta binne.
Jo besteande masines kinne wy kompleet of op ûnderdielen optimalisearje sadat se wer folop produsearje kinne. Mallen nedich? Foar ús is dat gjin probleem. Us betûfte meiwurkers leverje maatwurk. Us bedriuw is ek goed utillearre foar alle soarten frees- en draaiwurk. Wy leverje allyksa fakwurk op it gebiet fan assemblearjen fan ynstallaasjes of produksjelinen.
Us engineers sette jo winsken oer yn in ûntwerp op maat. Wy bouwe ek neffens ûntwerp fan tredden.
Agraryske sektor
Strieferdieler
De troch ús ûntwikkele strieferdielers wurde op maat makke. Se binne ienfâldich oan ien kant te laden en dosearber ta lytse hoemannichten. Jo besparje net allinnich wurk, dus tiid, mar ek strie.
Utmjokssystemen
Us útmjokssystemen binne maatwurk en geskikt foar alle soarten stâlen. Se binne útrist mei in hydraulyske skostang mei meinimmers of optearskuven foar ûnder de roasters. Wy hawwe in molpompe fabrisearre foar fêste dong, dy't sels by strange froast bedriuwswissigens biedt.
|