English Nederlands Deutsch Frysk
constructiewerken machinebouw bulkhandling milieutechniek plaatbewerking bulk & cargo technology
 

Wolkom

Klaas Zijlstra Metaalbewurking is in ynnovatyf bedriuw foar masinebou, konstruksjewurken, transporttechnyk, plaatbewurking en miljeutechnyk. Wy leverje in totaalpakket op maat, fan ûntwerp en engineering oant útfiering, montaazje en ûnderhâld.

Mei betûfte meiwurkers, in no-nonsence-kultuer en koarte linen binne wy in bedriuw dêr't opdrachtjouwers op rekkenje kinne. Wy sizze net samar dat wy ús rjochtsje op service: it meitinken mei de klant is regel en gjin útsûndering! Wy hawwe trochsnee 200 ton izer yn foarrie, sadat wy ús klanten mei faasje betsjinje kinne.

Adekwate oplossings

Klaas Zijlstra Metaalbewurking is yn 1990 begûn as reparaasje- en montaazjebedriuw foar lânbou en yndustry. Yn 'e rin fan 'e jierren is it bedriuw útwoeksen ta in grutte ‘yn 'e breedte’ spesjalisearre ûndernimming. Wy sette de winsken fan ús klanten oer yn adekwate oplossings, sawol foar dielopdrachten as foar turnkey-oplevering fan projekten.

3600 m² wurkromte

Us bedriuw beskikt oer in tige bêst utillearre wurkromte fan 3600 m² en 750 m² opslachromte. Alle hallen hawwe 2 bopperinkranen. Wy binne allyksa folslein ynrjochte foar wurk op lokaasje.

Montaazje en ûnderhâld

Foar ûnderhâld- en montaazjewurksumheden hawwe wy in útbalansearre weinpark ta ús foldwaan. Mei ús eigen frachtweinen, teleskoopkranen en heftruks binne wy folslein selfsupporting.

Engineering

Op it gebiet fan engineering leverje wy maatwurk, fan ûntwerp- en produksjetekenings oant folsleine ûntwerpprojekten. Us wurkgebiet is breed en wiidfiemjend: inkelde produksjetekenings, turnkey-projekten, betsjinnings- en ûnderhâldsdokumintaasje, CE-sertifisearring en sterkteberekkenings. Us betûfte meiwurkers meitsje gebrûk fan Autocad, Autodesk Inventor 2008 (3D) en Eindige Eleminten Metoade (FEA).

 

De Ofslach 11
9041 VA Berltsum
Tel: 0518 46 16 63
info@klaas-zijlstra.nl

startpagina  |  masinebou  |  bulkhandling  |  miljeutechnyk  |  plaatbewurking  |  bulk & cargo technology
contact |  nieuws |  vacatures |  disclaimer |  sitemap |  realisatie: Stroetenga Design™, Ellérie Webdesign